Sneon 14 oktober 2023, Fryske mûnedei.
Flagerike wyn út WNW mei buien, altiten gefaarlik mealle.
29 maart 2014.
11 jannewaris 2014.
Mealle mei de famylje en de bernsbern.
Sneon 7 desimber 2013
Gjin wyn en net draaie, spitich.
De klamp los op 'e fang. Ien kam is noch stikken.
Sneon 14 septimber 2013
28 augustus 2013
11 maaie 2013
Kammen stikken gien by it draaien. De standert net goed út skoud.
Yn in werljocht tiid samar tsjin elkoar oan!
Dan hat de ûnder-standert-rêd in skuor yn 'e kam.
4 maaie 2013
Wer mealt, in moaie dei.
25 novimber 2012
SudWestFryslân gemeente moledei.
Piter mealt by wynkrêft 7 en útsjitters nei 8.
8 novimber 2012
De mole mealt wer. De útskoat is makke. De kammen fan standerrêd binne yn in nij stik iken makke.
17 july 2012 Omrop Fryslân
Stifting De Fryske Mole hat subsydzje krigen fan de rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod. De grutste klussen, mei kosten fan boppe de twa ton, wurde fan takom jier ôf útfierd. In mûne dy't bygelyks flink ûnder hannen naam wurde moat, is de Aylvapoldermûne by Wommels. De wjukken moatte ferfongen wurde. Foaral de 'kam-tsjillen' binne der min oan ta. Dy binne sûnt de bou fan de mûne yn 1847 nea fernijd of ûnderhâlden.
30 juny 2012
De mûne kin net mealle, der sit noch altiten in skut by de feart yn 'e útskoat.
12 en 13 maaie 2012 Hollanske moledei
De mûne kin net mealle. In stik fan 'e útskoat binne se opnij oant mitseljen. Foar de Prins draaie kin wol. Sneon wienen der 13 besikers en snein wienen der 38 besikers.
8 april 2012
De mûne kin wer mealle. It skilderwurk is klear en de kleppen en boarden sitte wer yn 'e wjukken.
8 maart 2012
De skilders fan Spijksma binne drok oan 't fervje op 'e mûne. De beammen lâns de wei binne allegearre omseage, de mûne hat wer frij wyn fang oan alle kanten.
Gjin boarden en kleppen en de beammen oan 'e noardkant en ek oan 'e westkant binne omseage.
31 jannewaris 2012.
Ljouwerter krante 1-2-2012. ,,Geitesokken fan skoanmem’’ houden molenbouwers bij Wommels warm.
FOTO SIMON BLEEKER
WOMMELS - Vier graden en een snijdende wind.
Toch hadden de onderhoudsmannen het niet koud bij de Aylvapoldermolen bij Wommels. Koud? Welnee. ,,Kinst dy der bêst op klaaie.” Johannes Kooistra van bouwbedrijf Hiemstra in Tzummarum klaarde gisteren een fris klusje. Samen met schilders Tjeerd Spijksma en Sjonnie Hiemstra ontmantelde hij de wieken van de grote Aylvapoldermolen bij Wommels. De windborden worden verwijderd om in de werkplaats van een nieuwverflaagje te worden voorzien. Om de vrieskou te trotseren heeft Kooistra zich stevig ingepakt. Over zijn broek draagt hij een skibroek met daaroverheen een overall. Over zijn hemd gaat een T-shirt, een overhemd, drie truien een gele doorwerkjas. Hiemstra draagt een muts en handschoenen. Maar de belangrijkste troef om niet te verkleumen zit in zijn dikke thermolaarzen. ,,Breiden sokken fan skoanmem.”
21 jannewaris 2012.
Feestlik mei de wjukken yn 'e rouwe !?
27 novimber 2011.
21 novimber 2011.
12 novimber 2011.
18 oktober 2011.
10 september 2011.
3 september 2011.
29 juli 2011.
20 augustus 2009
In de Leeuwarder courant: Aylvamolen in brand.
- Ik ha heard fan in besiker út Wommels, dat de mole yn 'e brân fleach trochdat de werljocht yn 't elektryske gemaal plaatstielen hokje sloech en dêr fia de elektryske ynstallaasje ûnder de grûn troch nei de brân-kontrôle kast yn 'e mole en doe nei de smookmelder op de tuskensoulder yn 't reidtek en dat begûn te baarnen.
- In oar ferhaal is dat de wjerljocht streekrjocht yn 't reidtek sloech.