Sneon 14 oktober 2023, Fryske mûnedei.

Flagerike wyn út WNW mei buien, altiten gefaarlik mealle.

Desember 2020, 50 jierrich bestean fan DeFryskeMole.
AylvamuneynitljochtDFM2020.jpg
4 juny 2020 de roeden komme werom op 'e mole.20200527_074101-1.jpg
 
 
28 septimber 2019.
Dizze foto komt út it blêd fan de Hollandse Molen 1946. De mûne stie doe noch by Hallum.
20190928_125620-1.jpg
 
Útskoat 175 GFM
Twa foto's fan Henk Bootsma fan 'e brân Aylvamole yn 2009.
Aylvamoleynebrn-3.jpg
 
 
12 april 2019
Ein maart, begjin april 2019 binne wjukken der ôfhelle foar restauraasje troch de mûnemakker út Tsjummearum. De roeden wurde ek opknapt. De restauraasje sil it hiele jier duorje.
In tidelike tongerlieder oanbrocht.
 
20190412_164159-1.jpg
 
20190412_163230-1.jpg
 
20190405_141421-1-1.jpg
 
Wy mealle no wer mei 3 mûnders op 'e Aylvapoldermolen, t.w. Age Metzlar, Fred van der Geest en Johannes Rozenga.
 
15 maart 2019 in planke seage om better by de dûnsbalke te kommen.
20190315_142503-1-1.jpg
 
13 maart 2019. DeFryskeMole hat witten litten dat de mûne dit jier yn restauraasje giet. It geflucht sil fernijd wurde.
 
Vraaggesprek met Anne Bokma in de Útskoat oktober 1982.
- Welk molenverlies heeft U het meest aangegrepen?
Dat was de brand van de molen uit de Aylvapolder, 9 november 1959.
Door ziekte heb ik zijn ondergang niet meegemaakt, maar nog steeds ben ik blij dat ik die ramp niet met eigen ogen heb aanschouwd. Er was voor deze molen al vroeg gestreden en met succes. Wat triest dat het zo moest aflopen, hoewel het bij de bevolking nog steeds leeft en er thans zelfs akties worden ondernomen om hem terug te krijgen.
 
31 oktober 2018 wurde ik belle troch Rolf Dijkema (mûnemakker), dat der in boerd út it geflucht waaid is en op it fytspaad telâne kaam. It hat aardich waait fannacht.
Utsjen by it meallen. https://youtu.be/tNPc3K3S7yI
 
12 oktober meald.
 
24 septimber 2018 meald en de pôle is meand troch Fred.
Foto´s naam foar it Fryke Moletaal boek. De boargemaster balke, izerbalke.
20180924_152032.jpg
 
13 augustus 2018. It alarm wer ynkommen. Ûnder de reekmelder stie oan, skjin blaast. De alarm kaste fan ´e stroom ôfhelle en de akku´s útskeakele.
 
11 augustus 2018. Wer is it brân alarm ynkommen en de reade lampe oan 'e bûtenkant fan 'e mûne baarnt en de sirene loeit. Wer der hinne en útsetten, gjin reekmelder fûn dy´t oanjoech dat it ynkommen wie.
Doe in oerke meald en foto´s makke fan de betsjutting fan ´e stannen fan ´e wjukken.
20180811_123757-1.jpg
Rjochtop, koarte rêst.
 
20180811_123810-1.jpg
Yn ´t krús, lange rêst.
 
20180811_123807-1.jpg
Feest stân, de mûnder is jierdei.
 
20180811_124016-1.jpg
Yn ´e rouwe, de mûnder is stoarn.
 
14 maaie 2018. It brân alarm is ynkommen en de reade lampe oan 'e bûtenkant fan 'e mûne baarnt. In boer dy 't op Slachtedyk wennet belle my. De sirene stiet oan, mar is allinnich op de pôle te hearren. Jûns healwei alven der nei ta. Ien reekmelder stie oan. As de wyn Noard west is komt der altiten in reekmelder oan en jout alarm. De alarmynstallaasje wersteld.
 
12 maaie 2018 Mûnedagen sneon en snein.
Spilers fan InTheGreenHouse kamen op de Aylvamole te sjen.
SpilersInthegreenhouseopAylvamole-1.jpg
 
SpilersInthegreenhouseopAylvamole-2.jpg
 
Slachtemarathon mealle. Foto  Henk Bootsma
Aylvamune-63-1FotoBootsma.jpg
 
28 july 2017. It brân alarm is ynkommen en de reade lampe oan 'e bûtenkant fan 'e mûne brânt. Ald mûnder Piter fan Spannum belle my. De sirene stiet oan, mar is allinnich op de pôle te hearren. Jûns healwei alven der nei ta. De reekmelders stean oan. De alarmynstallaasje wersteld.
 
16 july 2017
Nij 'e foto ûntdutsen yn 't Reade Hynder fan Wommels.
FyfhustermnebyHallum.jpg
WP_20170716_14_55_12_Pro-1.jpg
WP_20170716_15_01_11_Pro-1.jpg
Sweltsje op 'e stek. Efkes meald. In nijsgjirrige boat fart foarby de mole.
WP_20170716_15_00_50_Pro-1.jpg
 
29 maaie 2017
Wer in boerd stikken, dizze kear gewoan min.
WP_20170529_14_23_45_Pro-1.jpg
Aylvamune-Tekeap.jpg Aylvamole te keap boerd. It boerd werom bocht nei Burchwert by in buorkerij.
 
5 april 2017 meald op de Aylvamole en oan de kofje.
Demnderoanekofje5april2017.jpg
 
3 april 2017 ûnderhâld kontrôle hân. De roeden ruskje en moatte behannele wurde. De kleppen fan 'e sels-swichting bin ek net sa bêst mear.
Er wie gjin wyn om te draaien of te mealle.
 
26 febrewaris 2017 meald.
Nijsgjirrich nei wêr't de 2e mole stien hat.
Hjirre faaks?
WP_20170226_13_59_29_Pro.jpg
 
29 jannewaris 2017 meald.
WP_20170129_14_08_08_Pro.jpg
IIs yn 'e útskoat.
WP_20170129_14_09_40_Pro.jpg
Einen op it iis.
WP_20170129_14_55_25_Pro.jpg
 
25 desimber 2016 1e krystdei meald, moai wyntsje.
WP_20161225_16_47_28_Pro-1.jpg
 
27 novimber 2016 SúdWestFryslân moledei, aardich waar en 15 besikers.
It is Littenseradiel, mar hoe lang noch? Falt de mole dan om, it boerd hâldt it wol.
WP_20161129_14_33_47_Pro-1.jpg WP_20161129_14_34_09_Pro-1.jpg
 
28 septimber 2016
De pôle foar de safolste kear meand.
Minsken ha in boerd stikken makke by it klimmen yn 'e wjuk.
De tongerlieder wie ek losmakke en kriuwurk út it wurk setten.
WP_20160928_13_54_19_Pro-1.jpg     WP_20160928_16_36_04_Pro-1-1.jpg
 
16 july 2016
Wer west op 'e mole, fansels meane, it gers waakset omraak.
Rein en sine wikselje elkoar ôf en dan fleant it gers de grûn út.
De tongerlieder wie stikken, nije kabel-skuon op knypt.
Foar de twadde kear hat de Wikel briedt, trije jongen sitte yn 't nêst.
WP_20160705_16_55_26_Pro.jpg
WP_20160718_12_59_53_Pro.jpg
 
7 july 2016
De pôle meand. It wurdt my dreger en dreger om de pôle te meanen.
Piter is ophâlden mei mûnder wêze op 'e Aylva mole, dat ik stean der no allinnich te meallen.
Meane.
 
4 april 2016
Mûne is neisjoen op mankeminten. It wie allegearre goed seinen minsken fan DeFryskeMole en de Molenmakers. Efkes op 'e wyn kruid en in 1/2 oere meald. De wyn fûl fuort, ophâlden.
 
31 maart 2016
Skille troch de alarmsintrale, der wie gjin test sinjaal west om moarns 6 oere. De alarm-kasten allegearre fan de spanning ôf hân. Doe belle ik de alarmsitrale; it test sinjaal wie wer goed. In spin fermakke him yn de alarm-kast. Sit op 'e oranje tried.
Alarmkast-1.jpg
 
Hjoed 10 feb 2016 by de mûne west foar de sifers fan ôfrûne jier.
De liderkes bloeie en der leit in boat yn 'e feart foar de útskoat fan Wetterskip.
 
WP_20160210_10_12_12_Pro-1.jpg
 
WP_20160210_10_13_11_Pro-1.jpg
 
5 febrewaris 2016.
Ik bin freed wer op de Aylvamole west. Ik hie help foar it swierste wurk fan Tjalling. It wie dizich it reinde.
 
DSC00205-1.jpg
 
 22 augustus 2015.
Âld kollega mei in frou fan 'e kamping op besite hân.
WP_20150822_11_09_56_Pro1.jpg
 
 
Der is in boerd stikken. mûnebouwer Hiemstra sil der nei sjen.
DSC00057-1.jpg
 
31 desimber 2014
Mei âld en nij draaid. Der wie gjin wyn genoch om te meallen.
Hjir in film fan 'e âldjiersjûn.
 
P1030342.JPG
 
4 oktober 2014
Hjoed meald omt der besite komme soe.
De âld mûnder (doe de mûne noch yn Hallum stie) kaam mei 11 minsken op besite en beseagen de mûne. Hjir in pear foto's.
-
-
De hjerst komt der oan, sjoch de skerpe râne fan de wolken yn 'e fierte.
-
18 july 2014
Hjoed meald wer mei flaggen op 'e wjukken y.f.m. foto's meitsjen fan in fyts folder foar Batavus.
-
-
20 juny 2014
Hjoed meald mei flaggen op 'e wjukken y.f.m. foto's meitsjen fan in breidspear.
-
4 juny 2014
It paad wurdt ophege en de tafel mei bankjes wurde troch de gemeente dien.
De trije mûnders fan 'e mole hawwe er mar drok mei.
 
26 maaie 2014
Bûten de pôle meand. Der lei in lytse pallet yn it wetter fan 'e utskoat, op 'e flonder lein.
12 april 2014
Hjoed efkes sjoen oft de pôle meand wurde moast. Der wie al meand troch Anne juster. Trije poullen Liderkes (snieklokjes) plante foar de kommende jierren.
30 maart 2014.
De geslaagde dag van 29 maart wordt herhaald op de Nationale Molendagen op zaterdag en zondag 11 en 12 mei 2014.
Drukbezochte Fryske Mûndersdei en kunstexpositie op de Aylvapoldermolen. De Fryskemûndersdei op 29 maart j.l. trof het geweldig met het mooie lenteweer.
De vele passanten stonden tussen Wommels en Bolsward stil om een bezoek te brengen aan de malende Aylvapoldermolen van de Westhoeker molenaar Johannes Rozenga.
Dat de combinatie historie en kunst een goede zet was deed al snel blijken op de tweede verdieping waar Talea Jansma uit St.-Jacobiparochie haar schilderijen, sculpturen en gedichten in het teken van een molenaarsfamilie had uitgestald. Rozenga onthulde een groot formaat schilderij van de molen en met zijn afbeelding gemaakt door Jansma.
 
Op de eerste verdieping kon men voor het eerst een tentoonstelling bewonderen van allerlei zaken die met molens te maken hebben. Op de begane stenen vloer werden de bezoekers vergast op eigen ontworpen ‘mûnekoeke’. Ondanks dat de wind niet veel kracht had,
kon de aylvapoldermolen toch nog vele malen zijn met vlaggen getooide wieken rond laten draaien.
 

29 maart 2014.

In kykdei fan skilderijen, bylden op 'e Fryskemûnedei fan 29 maart 2014. Dizze wurde op die sneon yn 'e mole útstald.
Troch Talea Jansma, keunstner út sint Jabik. Webside: bildtsebundels
 
It wie in noflike mûndersdei. Meallen gie ut en troch goed en soms stie de mûne stil.Mar  der bard altiten wat. In groepke makke in reklame filmke, sjoch de foto's. Foar de besikers, mear dan 30 minsken wienen der en krigen molekoeke.
 
  
 
13 febrewaris 2014.
Hjoed de ûnderhâlds-ploech op besite hân.
De mole waard besjoen op mankeminten.
De Ebdoar liet te folle wetter werom troch.
De brân-alaarm-melding nei de meld-keamer
wienen gjin swierrichheden mei.
In ûnderbrekking west fan in pear sekonden fia KPN-line.
De monteur fan Pranger en Rosier út Dokkum kaam mei syn auto
yn 'e modder fest te sitten. De auto hie efter oandriuwing.
Mei útgrave en plankjes foar de tsjillen kaam de auto der wer út.
 
13 febrewaris 2014.
Kom ik by de mûne hawwe se lâns it fytspaad
it beamkeguod ôfseage.
De tûken lizze dwers oer it fytspaad.
De tûken allegearre oan 'e kant skoud.

11 jannewaris 2014.

Mealle mei de famylje en de bernsbern.

 

Sneon 7 desimber 2013

8 Mûnders hawwe in mûnedei, die ek op dizze mûne kofje drinke.

Gjin wyn en net draaie, spitich.

De klamp los op 'e fang. Ien kam is noch stikken.

 

Sneon 14 septimber 2013

Fryskemoledei, mealle fan 10 oere oant 5 oere ta. De Friese molendag en dus malen op zaterdag van 10 uur tot 5 uur in de middag.
 

28 augustus 2013

De mole draait en mealt al wer in skofke.
De kammen binne allegearre makke.
De pôle moat hast eltse wike meand wurde.
De meanmasine is ek stikken west en ek wer makke.
It moaie waar mei in bytsje wyn hâld oan en dêrom net folle meald.

 

11 maaie 2013

Kammen stikken gien by it draaien. De standert net goed út skoud.

Yn in werljocht tiid samar tsjin elkoar oan!

Dan hat de ûnder-standert-rêd in skuor yn 'e kam.

Nije kammen moatte ynsetten wurde.
De fersekering fan 'e mûnders fergoedet it wer.

 

4 maaie 2013
Wer mealt, in moaie dei.

 

25 novimber 2012
SudWestFryslân gemeente moledei.

Piter mealt by wynkrêft 7 en útsjitters nei 8.

Om healwei fiven ried ik by de Aylvamole lâns mei moaie jachtsjen fan wolken en it sintsje wie der ek by. De selsswichting boarden stienen hielendal iepen en de mole rûn sa'n 60 einen. De mûnder stie bûten te sjen en sil grutsk west ha dat hy mei dizze wyn mealde.

 

8 novimber 2012

De mole mealt wer. De útskoat is makke. De kammen fan standerrêd binne yn in nij stik iken makke.

 

17 july 2012 Omrop Fryslân

Stifting De Fryske Mole hat subsydzje krigen fan de rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod. De grutste klussen, mei kosten fan boppe de twa ton, wurde fan takom jier ôf útfierd. In mûne dy't bygelyks flink ûnder hannen naam wurde moat, is de Aylvapoldermûne by Wommels. De wjukken moatte ferfongen wurde. Foaral de 'kam-tsjillen' binne der min oan ta. Dy binne sûnt de bou fan de mûne yn 1847 nea fernijd of ûnderhâlden.

 

30 juny 2012

De mûne kin net mealle, der sit noch altiten in skut by de feart yn 'e útskoat.

 

12 en 13 maaie 2012 Hollanske moledei

De mûne kin net mealle. In stik fan 'e útskoat binne se opnij oant mitseljen. Foar de Prins draaie kin wol. Sneon wienen der 13 besikers en snein wienen der 38 besikers.

 

8 april 2012

 De mûne kin wer mealle. It skilderwurk is klear en de kleppen en boarden sitte wer yn 'e wjukken.

 

8 maart 2012

De skilders fan Spijksma binne drok oan 't fervje op 'e mûne. De beammen lâns de wei binne allegearre omseage, de mûne hat wer frij wyn fang oan alle kanten.

     

Gjin boarden en kleppen en de beammen oan 'e noardkant en ek oan 'e westkant binne omseage.

 

31 jannewaris 2012.

Ljouwerter krante 1-2-2012. ,,Geitesokken fan skoanmem’’ houden molenbouwers bij Wommels warm.

FOTO SIMON BLEEKER

 

 

WOMMELS - Vier graden en een snijdende wind.

Toch hadden de onderhoudsmannen het niet koud bij de Aylvapoldermolen bij Wommels. Koud? Welnee. ,,Kinst dy der bêst op klaaie.” Johannes Kooistra van bouwbedrijf Hiemstra in Tzummarum klaarde gisteren een fris klusje. Samen met schilders Tjeerd Spijksma en Sjonnie Hiemstra ontmantelde hij de wieken van de grote Aylvapoldermolen bij Wommels. De windborden worden verwijderd om in de werkplaats van een nieuwverflaagje te worden voorzien. Om de vrieskou te trotseren heeft Kooistra zich stevig ingepakt. Over zijn broek draagt hij een skibroek met daaroverheen een overall. Over zijn hemd gaat een T-shirt, een overhemd, drie truien een gele doorwerkjas. Hiemstra draagt een muts en handschoenen. Maar de belangrijkste troef om niet te verkleumen zit in zijn dikke thermolaarzen. ,,Breiden sokken fan skoanmem.”

 

21 jannewaris 2012.

De jierwiksel is foar de mûne goed gien. De Aylvamole stie der noch kreas by. Sa moatte wy it hâlde.
Der kin ek in foto makke wurde fan in Breidspear by de mole:

   Feestlik mei de wjukken yn 'e rouwe !?

27 novimber 2011.

Op dizze snein is der in Moledei Súdwest Fryslân.
Wy sille mealle fan 11 oere oan 't 4 oere middeis.
As de foarspelling útkomt, sil it wynkrêft 5 wurde. Dat sjocht der goed út. Op 'e wyn mealle en it wetter fleant de útskoat út nei de Boalserter feart.

 

21 novimber 2011.

Dagen fan dize en gjin wyn hâld de mûne yn rêst. Mei de dize ferdwine en de wyn wer oanboazje.
Eltse dei sjoch ik yn 't waar, hoe dit ûntjout haw wy leard by de mounders oplieding, mar net wat dogge wy der oan.
Wachtsje op better waar is it ienichste wat wy as mounders dwaan kinne.

 

12 novimber 2011.

Kom je op de molen om te malen, valt de wind weg als je net de kap op de wind hebt gekruid. De weersvoorspelling was een windkracht 2 tot 4, maar geen wind erg jammer.

 

18 oktober 2011.

Onderzoeks rapport over de toestand van de molen. Er zijn toch wel enige aandachtspunten, maar we mogen gewoon blijven malen.

 

10 september 2011.

Open Friese molendag. Veel molens in Friesland zijn op deze zaterdag open voor bezichtiging.
Meestal vanaf 10.00 uur tot 16.00 uur 's middags.
Ook de Aylvamolen is open en zal malen als er voldoende wind is.
"De flagge út en wetter útslaan op 'e Fryske mûnedei".
Prachtig weer en een goede maal wind en er zijn 55 bezoekers bij de molen geweest.

 

3 september 2011.

Prachtig weer om te malen, maar er is te weinig wind, dan maar voor de Prins van Friesland draaien. Voor de Prins draaien betekent dat de vijzel niet wordt aangedreven.
Dan is er tijd om b.v. een gedicht te maken:
It fytspaad
It fytspaad rint lâns de mûne         Nijsgjirrige petearen barde
In lange tried troch it lânskip         Besikers sjogge de mûne meallen
Fytsers komme en gean                 Heare it ferhaal fan 'e pôle
Út en troch bliuwt in fytser stean   De wyn rûzet troch de wjukken
 
Waarme sinne jout lang skaad
Sinne waarmet mûne en minske
Weagen yn 'e feart sinne ljochtsjes
Wetter, wyn, in paad, in mûne, sa wier
 
Hekkelje it kroas by it kroashek  Mei ik de lêste bledside fol skriuwe
Smyt in bultsje gers en reid        Wurd foar wurd griem ik hjir
Rotsje wei nei de winter kjeld    Slagget it dan bin ik tige optein
Noch net op dizze simmerdei    Oars meal ik jûns yn it tsjuster.

 

29 juli 2011.

Nieuwe molenaars op de Aylvapoldermolen.
Sinds 29 juli 2011 zijn de volgende vrijwillige molenaars op de molen actief: Anne Baarda, Pieter Breeuwsma, Johannes Rozenga
 

20 augustus 2009

In de Leeuwarder courant: Aylvamolen in brand.

- Ik ha heard fan in besiker út Wommels, dat de mole yn 'e brân fleach trochdat de werljocht yn 't elektryske gemaal plaatstielen hokje sloech en dêr fia de elektryske ynstallaasje ûnder de grûn troch nei de brân-kontrôle kast yn 'e mole en doe nei de smookmelder op de tuskensoulder yn 't reidtek en dat begûn te baarnen.

- In oar ferhaal is dat de wjerljocht streekrjocht yn 't reidtek sloech.

Maak jouw eigen website met JouwWeb